Flater Omrin yn rapportaazje

De miljeu-effektrapportaazje foar de nije ôffalstoffesintrale by Harns doocht net. It rapport, opsteld troch ôffalferwurker Omrin dy't de sintrale bouwe wol, is ôfwiisd troch de provinsje. Omrin hat in flater makke troch mei ferâldere noarmen te wurkjen.
De rapportaazje giet oer de gefolgen foar it miljeu en is ferplicht by in nije sintrale. De provinsje besjocht of it ûndersyk goed dien is. De flater smyt kwalik fertraging op foar de bou.