Ynbraken Harns oplost

05 sep 2007 - 11:00

Mei de oanhâlding fan trije jonges út Harns hat de plysje mear as tritich ynbraken oplost. It giet om ynbraken yn huzen, bedriuwen en auto's.

De jonges sloegen har slach tusken augustus ferline jier en augustus dit jier. Yn dy tiid gong it tal ynbraken yn Harns tige omheech. Dy groei komt foaral foar rekken fan de trije jonges dy't no oppakt binne. Se út op jild, navigaasje-apparatuer, kompjoeters en audio-apparatuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)