Ljouwerter oerfallen

05 sep 2007 - 10:42

In 37-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht op de Wurdumerdyk yn Ljouwert oerfallen en bestellen. De man fytste dêr doe't er troch de oerfaller fan de fyts ôflutsen waard. Hy waard bedrige mei in stroomstjitwapen, mar waard net rekke.

De oerfaller woe de beurs fan de Ljouwerter ha, mar de man woe dy net jaan. Doe't der minsken oankamen, naaide de oerfaller út, neidat er it slachtoffer in pear kear skopt hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)