Fandalisme hinderet skoalle

© Omrop Fryslân
Fandalisme soarget foar fertraging by de bou fan de Máximaskoalle yn Ljouwert. Sûnt de start fan de bou is der al fjouwer kear ynbrutsen. Dêrby is foar mear as 50.000 euro oan fernielings oanrjochte. Der binne ruten yngoaid, ferfeblikken leechsmiten en binnenmuorren fernield.
De skoalle soe yn de hjerstfakânsje klear wêze, dat wurdt no heal novimber. De plysje hat noch gjin fandalen oanhâlde kinnen.