'Slavernij by sc Hearrenfean'

Alves syn weblog beskuldiget Hearrenfean fan 'slavernij' (foto Martin de Jong)
Afonso Alves tsjin syn sin fêsthâlde achter de traaljes fan in ûnweardich kontrakt komt del op 21-ste ieuske slavernij. Dat skriuwt Wagner Augusto, de wurdfierder fan Alves, op it offisjele weblog fan de spiler.
Augusto beskuldiget de fans fan Hearrenfean dy't Alves útmeitsje foar aapke fan 'Nazistyske hallusinaasjes'. Yn sa'n klimaat in fuotballer twinge om nei in fuotbalgala te gean is der neffens it weblog fier by troch.