Harksit Ried fan Europa

De Ried fan Europa hâldt woansdei in harksit yn it provinsjehûs oer de posysje fan it Frysk. In kommisje fan saakkundigen fan de ried wol neigean yn hoefiere Nederlân him wol of net hâldt oan it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
Ien fan de ûnderwerpen fan petear is de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Trije jier lyn skreau de Ried in kritysk rapport oer de wize wêrop Nederlân omgiet mei it Frysk.