Sinteraasje L'diel yn oarder

© Omrop Fryslân
Littenseradiel giet goed om mei it belestingjild dat de ynwenners fan de gemeente mei elkoar opbringe. Dat fine de ynwenners sels. De gemeente pot net ûnnedich jild op, en hat ek genôch jild achter de hân. Dat docht bliken út in ûndersyk nei it funksjonearen fan gemeenten.
Oer oare saken binne de ynwenners minder tefreden: foar de polityk en it bestjoer krijt Littenseradiel it rapportsifer 5,5.