Fragen oer ferwieting grûn

04 sep 2007 - 15:36

De VVD-steatefraksje makket him soargen oer de helberens fan it wieter meitsjen fan guon gebieten yn Fryslân. De provinsje hat in list makke mei droege natuergebieten dy't wieter makke wurde kinne. Dêrop stean ek in pear marren mei grûn dêromhinne.

De VVD freget Deputearre Steaten oft de eigners fan dy grûn wol op 'e hichte steld binne. Neffens de partij binne inkeld natuerorganisaasjes frege om ynstimming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)