Froulju Hearrenfean yn stadion

04 sep 2007 - 14:39

It frouljusfuotbalteam fan sc Hearrenfean spilet tongersdei de earste thúswedstryd yn it Abe Lenstra Stadion en net op sportpark Skoatterwâld, sa as de bedoeling wie. De ploech fan trainer Harry Sinkgraven nimt it op tsjin ADO Den Haag. De wedstryd begjint om 19.30.

De froulju fan Hearrenfean wûnen de earste wedstryd yn de earedivyzje foar froulju ferline wike ferrassend fan FC Twente mei 3-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)