Ferskate auto-ûngelokken

04 sep 2007 - 13:54
Foto: Omrop Fryslân

It ferkear hat tiisdeitemoarn fertraging oprûn troch in trijetal ûngelokken yn 'e provinsje. Op de A7 fan It Hearrenfean nei De Jouwer botsten seis auto's op elkoar. Der wie allinnich blikskea. De dyk hat wol eefkes ôfsletten west en dat levere in filo op fan fjouwer kilometer lang.

Yn Drachten en Boalsert wiene ek noch ûngelokken. Dêrby binne wol minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)