Ofslútdykfeest yn Surch

Surch bout in eigen feestje
Surch krijt dochs noch in feest foar it 75-jierrich bestean fan 'e Ofslútdyk. Twa moannen lyn wiene der allegear festiviteiten, mar der wie neat te dwaan yn Surch.
In groep frijwilligers hat no it inisjatyf naam om yn it wykein fan 15 en 16 septimber in feest te organisearjen. Der komt ûnder oare in âlde ambachtsmerk en in rûnrit mei oldtimers.