Ferskate ynbraken yn wykein

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken is it ôfrûne wykein ynbrutsen en guod stellen. Ut in kantoar oan 'e Hegediken en by in hoarekeagelegenheid oan 'e Djipswâl, beide yn Dokkum, waard kompjûterguod en jild stellen. By in bedriuw oan de Izerwei op it Hearrenfean binne in laptop, in digitale kamera en in navigaasjesysteem meinaam.
Oan it Burgumermar is in motorboat ferdwûn. De boat lei ter hichte fan de Marwei yn Jistrum. De motor is 140 pk.