Fytser oanriden yn Stiens

04 sep 2007 - 11:45
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding op 'e Griene Leane yn Stiens is moandeitejûn in Stienzer (56) ferwûne rekke. Hy fytste op it fytspaad fan de Truerderdyk en woe de Griene Leane oerstekke. Fan 'e oare kant kaam in auto, bestjoerd troch in 61-jierrige doarpsgenoat. De automobilist woe ôfslaan en seach dêrby de fytser oer de holle.

De fytser foel en rekke ferwûne oan de holle. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)