Poalske drankrider oanhâlden

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is moandeitejûn in Poalske frachtweinsjaufeur(52) oanhâlden, omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Tsjûgen hiene sjoen hoe't de man yn Boarnburgum en Koartehimmen mei de oplizzer fan syn frachtauto tsjin ferskate saken oanriden hie.
Doe't de plysje him oanhâldde op it Súd by Drachten die bliken dat syn auto skea hie. De man moast blaze en is fêstset op it plysjeburo.