Skylge 'brânfeilige gemeente'

© Omrop Fryslân
Skylge is wer offisjeel brânfeilich. De lêste fiif jier hat de gemeente dwaande west mei in grutte ynhelslach wat kontrôle op brânfeiligens en it regeljen fan brûkersfergunnings oanbelanget.
Nei oanlieding fan 'e brân yn Volendam binne de regels in pear jier lyn folle stranger wurden. Bliken dat in soad gebouwen op it eilan net oan 'e easken foldienen. It lêste gebou is moandei brânfeilich ferklearre.