Yme Kuiper yn petear mei Alves

04 sep 2007 - 10:17

Direkteur Yme Kuiper fan Hearrenfean hat moandei mei Afonso Alves praat. De Braziliaan is slim teloarsteld oer it net trochgean fan de transfer nei AZ. Alves hie dêrom gjin nocht om te ferskinen op it fuotbalgala. Neffens Kuiper is Alves 'yn 'e war' makke troch syn saakwaarnimmers.

Foardat Alves nei Amearika giet, stiet der in twadde petear op it programma tusken Alves en SC Hearrenfean. Alves moat tiisdei syn fisum regelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)