Jong Cambuur wint mei 2-1

03 sep 2007 - 20:54

De beloften fan Cambuur hawwe moandeitejûn mei 2-1 wûn fan Jong Emmen. Yn de 27ste minút skoarde Jurjen Bos de 1-0. Yn de 34ste minút makke René Hoen der 2-0 fan.

Cambuur hie yn de earste helte it oerwicht, mar it spul sakke yn de twadde helte yn. De kânsen dy't se hiene, waarden net benut. Yn de 68ste minút koe Bas Dost foar Emmen de tsjingoal meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)