Noch gjin stappen tsjin Alves

03 sep 2007 - 14:29
Alves en saakwaarnimmer Tiburcio binne 'teloarsteld' yn Hearrenfean

Sc Hearrenfean ûndernimt foarearst gjin stappen tsjin de spits Afonso Alves. Dit betsjut dat de Braziliaanske ynternasjonal woansdei gewoan ôfreizgje kin nei Amerika foar twa freonskiplike wedstriden mei it Braziliaanske alvetal tsjin Meksiko en de Feriene Steaten.

Hearrenfean soe Alves yn teory thús hâlde kinne fanwege wurkwegering, omdat hy ferskate kearen fuort bleau fan de trening.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)