Friese Land nei de rjochter

03 sep 2007 - 13:03
Foto: Omrop Fryslân

Thússoarch Het Friese Land hat in koart pleit oanspand tsjin de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslân.

Ynset is de húshâldlike help yn acht gemeenten yn Noardwest-Fryslân. Yn july ferlear Het Friese Land de oanbesteging fan dat wurk. De soarch sil fan 1 jannewaris 2008 ôf dien wurde troch Palet, Noorderbreedte en Interzorg. Het Friese Land seit dat de oanbesteging net earlik ferrûn is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)