Jouster toer net feilich

03 sep 2007 - 11:55

De Jouster toer mei net oant boppe ta iepen steld wurde. Boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân fine it net feilich genôch.

De Jouster toer is no by ekskurzjes oant it sellenkompleks op de earste ferdjipping te besichtigjen. De winkeliersferiening WIH wol de hiele toer iepenstelle, mar de gemeente wurket der dus net oan mei. Omdat de toer in monumint is kin der eins gjin oanpassings dien wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)