Johan v.d. Meulen frijsprutsen

03 sep 2007 - 10:23
Johan van der Meulen

PC-kening Johan van der Meulen is moandei troch de beropskommisje fan de KNKB frijsprutsen fan de straf dy't hy earder krige omdat hy syn keatswant net op 'e tiid keure liet.

Yn it wykein nei de PC krige hy in skorsing fan fiif wedstriden oplein. Van der Meulen is troch de beropskommisje frijsprutsen fanwege in foarmflater. De rapporteur fan de wantekommisje hat in ferkeard artikel út it reglemint brûkt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)