Frou skopt troch hynder

02 sep 2007 - 14:42
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige frou út Harns is sneontejûn yn har wenplak ferwûne rekke doe't se har hynder in middel tsjin wjirmen jaan woe. It hynder skrok sa dat er syn hoef tsjin it gesicht fan de frou skopte.

De frou waard dêrnei troch de klap tsjin in stek oansmiten. Mei ferwûnings oan it gesicht en in pear snijwûnen is se oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)