Automobilist wurdt net goed
In 66-jierrige man út Goutum is sneon net goed wurden op de Van Harinxmabrêge by Ljouwert. Hy skampte mei syn auto de fangrail en botste dêrop ek noch op in pear auto's.
It personiel fan in ambulânse dy't tafallich foarby kaam, hat earste help ferliend en de man dêrnei nei it sikehûs tabrocht.