Poltavets 2e by heale maraton

02 sep 2007 - 13:34
Foto: Omrop Fryslân

Kosta Poltavets fan It Hearrenfean is sneon by de heale maraton fan Appelskea twadde wurden. Poltavets kaam op twa minuten en 28 sekonden nei de winner Jan Venhuizen út Smilde oer de einstreek.

Venhuizen kaam oer de streek yn in tiid fan 1.15,57. By de froulju wûn Yvonne Kassenberg fan Burgum yn in tiid fan 1.25,27.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)