Jeugdherberch wer populêr

© Omrop Fryslân
Gesinnen kieze hieltyd mear foar de âlderwetske jeugdherberch at se op fakânsje gean.
Dat docht bliken út de healjiersifers fan Stayokay. By Stayokay binne 30 jeugdherbergen oanslúten, werûnder fiif yn Fryslân. Yn de ôfrûne twa jier is it tal famyljes dat in ferbliuw boekte by ien fan dy jeugdherbergen mei goed 30 prosint ta naam. Yn Fryslân is de groei benammen te sjen by de Stayokay op Skylge en op Amelân.