Frachtwein útbaarnd by ynbraak

01 sep 2007 - 15:04

By in ynbraak yn in frachtwein freedtenacht oan de Foarwei yn Wâlterswâld is dizze nei alle gedachten yn de brân stutsen.

Tsjûgen seagen dat der in ûnbekende man út de frachtwein sprong en útnaaide. Nei in achterfolging koe de fertochte ûntkomme. Efkes letter stie de frachtwein yn de brân. De brânwacht koe net foarkomme dat de auto útbaarnde. In oare frachtwein dy't der neist stie koe wol behâlden bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)