Noch te min camper-plakken

01 sep 2007 - 12:03

De oprop begjin dit jier fan de Nederlandse Kampeerauto-club Noord om mear offisjele camper-plakken oan te wizen, hat amper wat opsmiten.

Troch in feroaring yn de wet hoege gemeenten net mear te 'gedogen', mar kinne se offisjele camper-plakken oanwize. Fan de 400 gemeenten yn Nederlân binne der mar 40 mei camper-plakken. Fryslân docht it wat better as de oare provinsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)