Wurk oan de dyk; nim de trein

© Omrop Fryslân
Troch in aksje fan Rykswettersteat en de Nederlandse Spoorwegen kinne minsken dit hiele wykein foar twa euro mei de trein fan Hearrenfean nei Ljouwert en werom.
Ryskwettersteat wurket fan freedtejûn acht oere oan't moandeitemoarn seis oere oan it krúspunt fan de A32 by Wurdum. Dêrneist wurdt der ek ûnderhâldswurk útfierd by de ôfslach fan de sneldyk nei Snits ta.