Slim ûngelok Stiens

De trochgeande dyk tusken Stiens en de ôfslach nei Feinsum hat freedtejûn en nacht oeren ôfsletten west foar it ferkear.
De oarsaak wie in slim ûngelok. Hjirby wiene fiif auto's by belutsen. In 23-jierrige automobilist út St Anne dy't yn de richting fan Feinsum ried, helle yn op in plak wêr't dat net mocht. Hy botste op in auto fan in 24-jierrige frou út Marrum. Se rekke swier ferwûne.