Alves bliuwt by Hearrenfean

Alves foarearst noch yn it pompeblêdshirt.
Topskutter Afonso Alves bliuwt by Hearrenfean. Dat hat direkteur Kuiper freedtejûn befestige.
Hearrenfean en AZ hawwe freed yn Monaco, dêr't de UEFA-cup-lotting wie, mei elkoar ûnderhannele, mar koene it net iens wurde. Der melde him freed ek noch in bûtenlânske club mei in bod, mar ek dat rûn op neat út. Alves hat noch in kontrakt oant 2011 en Kuiper wol sa gau mooglik mei him om 'e tafel.