Trije Friezen nei WK kuorbal

© Omrop Fryslân
Bûnscoach Van den Bos hat trije Friezen opnommen yn de definitive seleksje foar it WK kuorbal yn Tsjechië. It giet om Bianca Joustra, Michiel Gerritsen en André Kuipers. Se spylje al in skoft bûten Fryslân by clubs dy't útkomme yn de heechste klasse. Bianca Joustra komt út foar PKC, Michiel Gerritsen spilet by Nic. en André Kuipers by DOS'46.
It WK wurdt fan 1 oant en mei 10 novimber spile.