7 kandidaat-foarsitters PvdA

Bertus Mulder: op kampanje foar it foarsitterskip
Bertus Mulder fan Feanwâlden giet de kommende wiken mei seis oare kandidaten de striid oan om it foarsitterskip fan de PvdA. De bekendste tsjinstanner fan Mulder is Jan Pronk. Mulder fynt Pronk net geskikt, omdat dy 'te Haags' wêze soe en net goed nei de gewoane man harket.
In advyskommisje fan de PvdA hat bekend makke dat Mulder en fjouwer oare kandidaten foldogge oan de profylskets foar de nije foarsitter.