Vitens en NHL wurkje gear

© Omrop Fryslân
Drinkwetterbedriuw Vitens en de NHL sille op ynternasjonaal nivo gearwurkje. It bedriuw Vitens leveret net allinnich drinkwetter oan mear as 10 miljoen minsken, mar is ek aktyf yn ûntwikkelingslannen lykas Mozambique, Ghana en Vietnam.
De hegeskoalle yn Ljouwert wol graach meidwaan oan dy projekten, om sa nije kennis op te dwaan. Moandei sil bekend makke wurde wat de gearwurking krekt ynhâlde sil.