Spoarbrêge Akkrum docht it wer

31 aug 2007 - 14:30

De spoarbrêge yn Akkrum kin wer betsjinne wurde. Tongersdei rekke in ûnderdiel fan de brêge beskeadige en koe de brêge net mear iepen. It probleem is ferholpen en dus kinne ek grutte skippen de rûte lâns Akkrum wer nimme.

De problemen mei de brêge by Skûlenboarch binne noch net oer. Ek dy brêge rekke tongersdei stikken. Skippen kinne der wol lâns om't de brêge iepen set is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)