Nijbou NHL kin trochgean

de NHL hat in alternative fleanrûte foar de flearmuzen makke
De nijbou fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert kin trochgean. Earder drige it ministearje fan Lânbou mei in boustop. De skoalle soe gjin goed alternatyf ha foar in fleanrûte fan flearmuzen by de skoalle. Dy komme lâns de NHL at se fan it Rengerspark nei de Griene Stjer fleane.
It ministearje is no tefreden oer de ferbetterings dy't de skoalle yn de rûte oanbrocht hat. De bou kin dêrom gewoan trochgean.