Staalbouw Bakhuzen fallyt

Nagelhout makket grutte stielkonstruksjes. It bedriuw is fallyt.
Nagelhout Staalbouw BV yn Bakhuzen is fallyt. De rjochtbank hat it bedriuw, dêr't 60 minsken wurkje, tongersdei fallyt ferklearre. Benammen mismanagement fan de lêste twa jier soe de oarsaak fan it fallissemint wêze. Fakbûn FNV hat goeie hoop op in trochstart fan it bedriuw.
Nagelhout Staalbouw makket gruttere stielkonstruksjes. It bedriuw wurke oan de bou fan it Euroborgstadion yn Grins en De Lawei yn Drachten.