Plysje pakt fertochten ynbraak

31 aug 2007 - 10:48

De plysje hat dizze wike acht minsken oanhâlden foar ynbraak en helen fan guod. De ynbraken wienen yn de earste helte fan augustus. De dieven namen foaral kompjûters út skoallen mei.

De plysje kaam de earste fertochte (17) fan It Hearrenfean op it spoar nei't in tsjûge by de plysje kaam mei in nei alle gedachten stellen kompjûter. Nei ferhoar fan de fertochte binne noch sân fertochten oanhâlden. Ien dêrfan is al frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)