Strangere kontrôle op alkohol

31 aug 2007 - 10:37

De plysje lit âlden yn Boarnsterhim witte as har bern pakt binne mei alkohol. De âlden krije in brief thús. As de jongere foar de twadde kear yn de fout giet, wurde de âlden útnoege foar in gesprek op it plysjeburo.

Ek sil de gemeente stranger kontrolearje op alkohol op doarpsfeesten en stipet de gemeente in kursus by it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)