Goed healjier Friesland Bank

31 aug 2007 - 10:26
Friesland Bank hat goed healjier draaid

De Friesland Bank hat in sterk earste healjier draaid. De nettowinst is oprûn nei 106 miljoen euro. Dat is 16 prosint mear as foarich jier. It eigen fermogen fan de bank gie omheech fan 833 miljoen nei 949 miljoen euro.

De positive ekonomyske ûntwikkeling is by de bank dúdlik sichtber. Bedriuwen doare wer te ynvestearjen. De hypoteken stean wol ûnder druk by de Friesland Bank, om't de konkurrinsje grut is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)