Miljoentekoart thússoarch

© Omrop Fryslân
As it kabinet net yngrypt sitte ein dit jier in pear tûzen Friezen sûnder thússoarch. Mei dy waskôging komt it soarchkantoar Fryslân nei oanlieding fan eigen ûndersyk. It soarchkantoar ferdielt it jild foar de thússoarch.
Ut ûndersyk ûnder alle Fryske Thússoarchynstellings docht bliken dat der oan it ein fan dit jier in tekoart is fan goed 10 miljoen euro. Dat soe betsjutte dat ynstellingen de soarch dan net mear betelje kinne.