Warten pakt dwerse bern oan

30 aug 2007 - 22:25

It doarp Warten komt yn aksje tsjin in groep jongeren dy't al moannen foar oerlêst soargje. De groep hellet al skoften yn it hiele doarp kattekwea út en fernielt ek guod. Fierder wurde in pear âldere ynwenners fan it doarp bot peste.

Doarpsbelangen hat mei de skoallen en de gemeente in plan fan oanpak makke. De skoallen sille besykje foar te kommen dat oare bern yn de fout gean. De plysje sil ek strenger optrede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)