UR Nijefurd wol weryndieling

© Omrop Fryslân
Der moat gau dúdlikens komme oer de takomst fan Nijefurd as selsstannige gemeente, fynt de ûndernimmingsried fan 'e gemeente. Weryndieling is nedich, fynt de UR. De ried praat op 11 septimber oer de plannen. De gemeente is no te kwetsber, fynt it gemeentepersoniel. By sykte binne der faak gjin saakkundige ynfallers.
By de fúzje binne de buorgemeenten Gaasterlân-Sleat, Boalsert, Wymbrits en mooglik ek Snits yn byld.