Jacht oan 'e grûn by Skier

© Omrop Fryslân
De rêdingsboaten fan Skiermûntseach hawwe tongersdei in jacht holpen. De Regina út Rotterdam wie by de yngong fan 'e farrûte Plaatgat oan de grûn rûn. Op it momint dat de rêdingsboaten teplak wiene, wie it skip op eigen krêft al wer flot kaam.
De Regina makke diel út fan in groepke boaten. De oaren wiene ek it spoar wat bjuster. Ien fan de beide rêdingsboaten hat de boaten begelaat de kant fan Lauwerseach út.