Nije strjitlampen yn Ketlik

© Omrop Fryslân
It doarp Ketlyk yn 'e gemeente It Hearrenfean krijt nije iepenbiere ferljochting. In pleatslike wurkgroep hat mei de gemeente in nij ljochtplan ûntwikkele. Dat wurdt no útfierd. B en W fan It Hearrenfean hawwe it plan tiisdei goedkard.
It nije ljochtplan is basearre op de helte minder enerzjyferbrûk. De bewenners moatte dêrby dochs in feilich gefoel hawwe as se jûns en nachts troch it doarp moatte.