Lemster beroofd yn Ljouwert

30 aug 2007 - 10:51

In 19-jierrige jongeman fan De Lemmer is woansdeitenacht yn Ljouwert slachtoffer wurden fan in berôving. De Lemster frege op de Herestrjitte oan in foarbygonger it paad. De noch ûnbekende man rûn in stikje mei de Lemster mei.

Ynienen krige de Lemster in fûstslach fan dyselde man en waard syn beurs stellen. Dêr siet in lyts jildbedrach yn. De plysje is noch op syk nei de dieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)