Lead fan tsjerke stellen

30 aug 2007 - 10:47

Yn Drachten is lead stellen fan it dak fan in tsjerke. It giet om de moderne kristlik grifformearde tsjerke oan 'e Houtleane. De stellerij waard moandei ûntdutsen.

It lead is fuortsnijd en dêrnei meinommen. De skea rint yn 'e tûzenen euro's. It giet om in stik lead fan 30 meter. Lead en oare metalen binne de lêste tiid folle djoerder wurden yn priis. Sadwaande wurdt it soad stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)