Tips oer plysjekontrôle

© Omrop Fryslân
De plysje op Skiermûntseach hat woansdeitemiddei nei oanlieding fan klachten in snelheidskontrôle holden op Heerewei op it eilân. Al gau die bliken dat de bestjoerders fan it lyts tal auto's op it eilân elkoar op de hichte brocht hiene fan 'e kontrôle. De plysje is der doe eefkes mei opholden, om dêrnei wer fierder te gean.
Ien taksybestjoerder krige in boete. De man ried 73 km dêr't 60 tastien is.