Letter beslút oer AH yn park

© Omrop Fryslân
Smellingerlân nimt net earder as ein septimber in beslút oer de tydlike festiging fan in Albert Heijn yn it Thalenpark yn Drachten. De winkel hat oar plak nedich fanwege ferbou.
Op dit stuit rint der in rjochtsaak tusken de eigner fan 'e supermerk en gruthannel Albert Heijn. As dêr dúdlikens oer is, nimt de gemeente in beslút oar de tydlike lokaasje. Neist it Thalenpark binne der neffens de gemeente ek oare lokaasjes mooglik.