AZ hat ynteresse yn Alves

AZ ûndersiket de mooglikheid om Afonso Alves nei Alkmaar te heljen. (Foto: Martin de Jong)
Fuotbalklub AZ ûndersiket de mooglikheid om Afonso Alves fan SC Hearrenfean nei Alkmaar te heljen.
Dat skriuwe sawol it Algemeen Dagblad as De Telegraaf tongersdei. Alves moat neffens syn saakwaarnimmer Roberto Tiburcio sa'n fjirtjin miljoen euro kostje. Foarsitter Dirk Scheringa fan AZ seit yn de Telegraaf dat de klub Alves net betelje kin, mar neffens de krante is AZ fan doel om Danny Koevermans noch te ferkeapjen.