Lokrop hert lokket herten net

29 aug 2007 - 22:16

Der is woansdeitejûn opnij socht nei de fjouwer fermiste herten fan boer Idsinga. Dêrby is in bandsje brûkt mei santich kear de lokrop fan in edelhert. Dat hie lykwols gjin súkses.

Tiisdeitemoarn ûntsnapten tweintich edelherten fan de hertefokkerij by Frjentsjer. Fjouwer herten wêrûnder in grutte bok binne noch net werom. Mei de autoradio op it lûdst besocht Idsinga de bisten werom te finen, mar dat is noch net slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)